Boer keart nije rûnwei op

Der wurdt hurd wurke oan de súdlike rûnwei om Frjentsjer hinne, útsein op ien stikje oan de Tsjommerdyk. Fan wjerskanten binne de wegebouwers dêroan ta, mar se kinne net fierder omdat dat stikje lân noch net oankocht is troch de gemeente Frjentsjerteradiel.
De boer út Tsjom wol it stik lân net ferkeapje en de partijen komme der net út. De kwestje leit no by de Hege Ried dy´t der foar de ein fan it jier útspraak oer dwaan sil. De kâns is grut dat de rûnwei no djoerder wurdt.