Gjin skeel provinsje-Ljouwert

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert en de provinsje binne it yn_grutte_halen iens oer wat der de kommende jierren barre moat yn de Fryske haadstêd. Dat seit wethâlder Gerrit_Krol fan Ljouwert.
De partijen hawwe ynkoarten oerlis oer it jild dat Ljouwert krijt as kompensaasje foar it útbliuwen fan de Suderseeline. Earder sei deputearre Sjoerd_Galema dat Ljouwert mear jild stekke moat yn kultuer en ekonomy. It steurt de provinsje dat Ljouwert foaral in soad jild yn diken stekt.