Drankrider hellet plysje yn

De plysje hat sneintejûn yn Ljouwert in man (41) oanholden foar it riden mei drank op. De bestjoerder foel op doe´t er de plysje ynhelle en de plysjeauto op in pear sentimeter nei miste. De plysje helle de auto yn en joech de bestjoerder in stopteken.
Dy naaide lykwols út. De Grinzer koe nei in koarte achterfolging oan de kant set wurde. Hy wegere om út syn auto te kommen. De plysje hat de man nei it buro brocht. Dêr die bliken dat er tefolle dronken hie.