Ljouwert: diseldief trappearre

In Ljouwerter (42) is sneintenacht oanholden omdat er by in bedriuw oan de Neptunuswei disel stelle woe. Om in oere as 4 kaam in meiwurker fan it bedriuw oan. Op dat stuit ried in bestelbus hurd fuort. Der wie besocht disel te stellen, Der stiene trije jerrycans klear.
De meiwurker hat de dief steurd. De plysje seach it buske efkes letter by in wenning oan de Tynjedyk dêr't krekt dêrfoar ynbrutsen wie. De fertochte stie by it hûs en waard oppakt.