Hearrenfean wer lyk yn België

Sollied hat noch genôch te dwaan
SC_Hearrenfean hat ek de twadde oefenwedstriid yn België mei in lykspul ôfsletten. Sneintemiddei waard it 2-2 tsjin RC_Genk. Yn de earste helte wie de thúsploech folle better. Troch doelpunten fan Caillet en Barda waard it dan ek 2-0 yn de Cristel_Arena fan Genk.
Yn de twadde helte gong it better mei de Feansters. Tarik_Elyounoussi en Paulo_Henrique soargen foar de 2-2. Dúdlik waard wol dat trainer Trond_Sollied noch genôch te dwaan hat.