Auto yn ´e brân op It Fean

De plysje stelt in ûndersyk yn nei in brân yn in auto op de Meerkoetwei op It_Hearrenfean. Snein flak nei midsnacht ûntdutsen omwenners dat de auto yn ´e brân stie. De brânwacht hat it fjoer útmakke.
De 74-jierrige eigner hat oanjefte dien. De plysje slút brânstifting net út.