Himpplanten fûn yn Drachten

By in wente oan de Passchier_Bollemanhaven yn Drachten binne sneon seis himpplanten yn beslach naam. De plysje kaam eins foar in oare saak del, mar ûntduts yn de tún fan de 31-jierrige bewenner by tafal de plantsjes.
De planten binne ferneatige. Tsjin de bewenner is proses-ferbaal opmakke.