Spilers ynset by kaartferkeap

© Omrop Fryslân
De hiele spilersploech fan it iepenloftspul fan De Harkema wurdt takom wykein ynset om kaarten foar de foarstellings te ferkeapjen. De ploech spilet it stik 'Tabak!'. Dat giet oer in maat fan de ferneamde Eije Wykstra dy't begjin foarrige ieu fjouwer plysjes deaskeat.
Tabak trof Eije Wykstra yn de finzenis, dêr't er sels ek siet foar moard. De premjêre fan it stik is op 16 septimber, yn temapark De Spitkeet.