Druk Cambuur op tv-rjochten

Cambuur direkteur Pama fiert de druk op
SC_Cambuur lit no freed gjin kamera´s fan produsint Eyeworks yn it stadion ta, at der dan noch hieltyd gjin oerienstimming oer de útstjoerrjochten is. Dat hat Cambuur-direkteur Pama sein.
SC_Cambuur, dat freedtejûn fan Veendam wûn, moat freed tsjin VVV, dat freed ek wûn. Dat makket de wedstryd fan freed foar RTL ekstra belangryk, sa ferwachtet Pama. Cambuur wol op dizze wize druk sette op de ûnderhannelings, dy´t de kommende wike wer fierd wurde.