Epke frijwol wis yn finale

(foto: Martin de Jong)
Turner Epke Zonderland is sa goed as wis fan in finaleplak oan de rekstôk op de Olympyske Spelen. Zonderland stiet op dit momint op in tredde plak. De bêste acht turners komme yn de finale. De kâns is lyts dat der noch seis turners yn aksje komme dy't better binne as Epke Zonderland.
De Lemster kaam fan 'e moarn betiid al yn aksje en krige in wurdearring fan 15.750. Om fjouwer oere sneontemiddei is de útslach bekend. Dan ha alle turners yn aksje west.