Cambuur wint earste wedstriid

© Omrop Fryslân
SC_Cambuur hat de earste wedstriid fan it nije seizoen mei 3-0 wûn fan Veendam. Yn de earste helte makke Ruud_ter_Heide syn earste kompetysjegoal yn it shirt fan de Ljouwerters. Krekt foar it skoft krige Veendam-spiler Sjaak_Polak in reade kaart nei it slaan fan Ter_Heide.
Yn de twadde helte makken Danny_Guijt en Rachid_El_Khalifi der 3-0 fan. Alle assists by de goals kamen op namme fan Nassir_Maachi. Takom wike spilet Cambuur thús tsjin VVV_Venlo.