Fryslân yn Olympiasfearen

De Olympyske Spelen binne freed begûn en dêr is hast net oan te ûntkommen. Sa dielde de famylje fan turner Epke Zonderland op it treinstasjon yn Ljouwert Sineeske ´fortune cookies´ út. Dy jouwe gelok en dat kin Epke wol brûke as er sneon yn aksje komme moat.
Yn Aldeberkeap binne Olympyske ringen op in fjildsje yn it gers útlein. It doarp levere mar leafst twa Pekinggongers: roeier Sjoerd Hamburger en hurdfytser Wim_Stroetinga.