Mear himp yn maisfjild

© Omrop Fryslân
Yn it maisfjild by Loaijingea dêr't earder tweintich himpplanten ûntdutsen waarden, stie noch mear himp. De plysje hat dêr woansdei noch 34 fûn. By it plantsjen fan 'e himp is skea ûntstien. Systematysk binne fjouwerkante plakken makke yn de mais en dêrfoar planten útskuord. Mei-inoar giet it om sa'n 1800 maisplanten.
De earste tweintich himpplanten waarden fan 'e wike ûntdutsen troch twa manlju dy't yn opdracht fan 'e eigner krieën oan it fuortjeien wiene.