Oerlêst troch rein en tonger

In tongerbui hat freedtemoarn foar flink wat oerlêst soarge op It_Amelân. Troch ynslach fan it wjerljocht is in reitdutsen fakânsjehúske by Nes ôfbaarnd. It sloech ek yn by in âlde bakkerij yn Buren. Dêr wie inkeld skea oan ´e meterkast. De gasten fan hotel De Klok dêr tsjinoer skrokken wekker fan it automatysk alarm.
Yn Stynsgea stiene in pear strjitten ûnder wetter troch reinwetter. Yn ´e Jensmastjitte stie it wetter oan ´e huzen ta.