Fiif himpkwekerijen ûntdutsen

© Omrop Fryslân
Yn Drachten en omkriten binne fiif himpkwekerijen ûntdutsen. Op in fliering oan de Turfleane stiene goed 200 planten. Oan de Watse_Eelkestrjitte waard in kwekerij fûn dy´t noch yn de opstartfaze siet. By in hûs oan it Ald Ambacht kaam de plysje te let. Dêr wie de kwekerij al oprêden. Der leine allinne noch wat resten fan planten.
Yn twa hûzen yn Nijbeets waarden ek plantaazjes fûn. Ien wie ûntmantele, de oare wie krekt oanlein.