Faker ynset senarioteam

© Omrop Fryslân
It saneamde senarioteam fan ûnder oaren gemeenten, de plysje en justysje sil de kommende jierren hieltyd faker ynset wurde. Dat ferwachtet casemanager Anne_Strikwerda fan it senarioteam. Dat team komt yn aksje as der in soad maatskiplike ûnrêst is. Dat kin wêze by sedesaken en by moard- en oare geweldsaken.
Yn Fryslân is it team yn 2006 ynset en sûnt dy tiid hat it fiif of seis kear yn it jier nedich west.