Undernimmer netwurket digitaal

© Omrop Fryslân
Undernimmers út it Noarden dogge hieltyd mear oan digitaal netwurkjen op ynternet. Dat docht alteast bliken út de animo foar de spesjale netwurkwebsite fan de noardlike Keamer fan Keaphannel. Op kvknetwerk.nl kinne ûndernimmers mei-inoar kontakten ûnderhâlde en diskusjearje oer ûnderwerpen dy´t har oangean.
De site is no sân moanne aktyf en koartlyn hat de tûzenste ûndernimmer him oanmelden.