Mear romte berne-opfang nedich

© Omrop Fryslân
De gemeente Ljouwert moat by nijbouplannen mear romte frijmeitsje foar berne-opfang. Dat seit direkteur Marianne_van_Hall fan de Stichting Kinderopvang Leeuwarden. De wachttiden by de opfang yn de nijbouwyk Suderbuorren rinne op oant wol twa jier.
Dat probleem driget ek by de nijbouwyk Súdlannen. Projektûntwikkelders keapje alle grûn op sadat in berne-opfang te min romte hat foar in mooglike útwreiding.