Undersyk nei stellerij boaten
De plysje ûndersiket op it stuit de stellerij fan in tal boaten, de ôfrûne dagen yn Fryslân.
Yn Harns waarden fan de Zuideroostersingel twa rubberboaten mei bûtenboardmotors meinaam. En yn De_Wylgen waard út in skiphûs ek in boat stellen. Wat de wearde fan de boaten en motors is, is net bekend.