Ynternetôfspraak by Sionsberg

Op ynternet sels in ôfspraak meitsje
Minsken dy´t nei in spesjalist yn it sikehûs De Sionsberg yn Dokkum moatte, kinne fan nije wike ôf op ynternet sels in ôfspraak meitsje. As minsken trochferwiisd wurde troch de húsdokter, kinne se no sels maklik regelje wannear´t se nei de spesjalist wolle.
De Sionsberg hat hast in jier lang op twa ôfdielings in proef dien mei it systeem. Omdat dat goed wurket, is besletten it no foar hast alle spesjalismen yn te fieren.