Foarearst gjin brede skoallen

© Omrop Fryslân
Boarnsterhim moat hast 170.000 euro útlûke foar ûnderhâld oan de fiif basisskoallen yn Grou en Akkrum. It ûnderhâld wie earst op de lange baan skood, om't it de bedoeling wie om twa brede skoallen te bouwen. Dy nijbou wurdt de earste trije jier neat en dêrom bliuwe de skoallen foarearst op har hjoeddeistige lokaasje.
Guon fan de skoallen binne driuwend oan ûnderhâld ta. B en W stelle de gemeenteried no foar om de gebouwen op te knappen. De ried beslút oer 2 wike.