Nije bisten foar Aqua Zoo

© Omrop Fryslân
Bistepark Aqua_Zoo yn Ljouwert hat der wer twa nije bistesoarten by. It giet om in pearke ´rode duikers´. Dat is in lytse antilopesoarte út Afrika. It mantsje en wyfke binne oerkaam út in Dútske bistetún wei.
De oare nijkommer is in roulroul, in lytse patrizesoart dy´t foarkomt yn Súdeast-Azië. Hy wurdt ek wol strúskwartel neamd. Ynkoarten komme der noch mear fan dy fûgels nei Aqua_Zoo ta.