Dieven stelle disel

© Omrop Fryslân
By ferskate bedriuwen yn en om Dokkum hinne is tusken ferline wike tongersdei en juster disel en reade disel stellen.
Op in Dokkumer bedriuweterrein waard in ferpleatsbere brânstoftank iepenbrutsen en dêr waard tûzen liter disel úthelle. En yn Ie waard sa´n 250 liter út ´e tank fan in frachtwein stellen. De plysje ûndersiket de stellerij.