Drokke dei foar strânwachten

© Omrop Fryslân
De strânwacht op Skylge hat tiisdei fjouwer minsken út de Noardsee rêden. Der wie in swiere streaming foar it strân en der stie in hurde wyn. By Hoarne rekke in 16-jierrich Dútsk famke yn de problemen doe´t se te fier de see ynrûn wie.
Ek by Midslân en Peal 8 binne minsken út it wetter helle. De strânwachten hawwe in soad minsken warskôge net te fier de see yn te gean. Lang net eltsenien hold him oan dat advys.