Aldeberkeap wurdt Olympysk

Aldeberkeap makket him op foar de Olympyske_Spelen. Twa Aldeberkeapsters dogge nammentlik mei oan de Olympyske_Spelen. Wim_Stroetinga as baanhurdfytser en Sjoerd_Hamburger as roeier.
Foar sa´n lyts doarp dochs spesjaal en dêrom hawwe Pleatslik Belang en de ûndernimmersferieniging in keunstwurk makke. Op it eveneminteterrein Doevenkaamp wurde tongersdeitejûn Olympyske ringen ûntbleate fan 22 meter grut.