Drankriders pakt yn Snitswike

© Omrop Fryslân
De plysje yn Snits hat de ôfrûne dagen alve automobilisten oanhâlden foar drank op achter it stjoer. De kontrôles fûnen plak yn ferbân mei de Snitswike op 'e dyk tusken Snits en Offenwier.
Alle fertochten krigen in rydferbod en in prosesferbaal. In 46-jierrige man út de gemeente Boarnsterhim moast ek syn rydbewiis ynleverje, omdat er fierste folle dronken hie. De alkoholkontrôles yn de buert fan Snits gean de kommende dagen troch.