Cambuur wurdt tipt as outsider

© Omrop Fryslân
Sportclub_Cambuur wurdt troch 13 fan de 20 trainers yn de earste divyzje tipt as gefaarlike outsider foar it kampioenskip. Dat hat ûndersyk fan it Algemien Deiblêd útwiisd.
Benammen troch it oanlûken fan spilers as Paul_Beekmans, Ruud_ter_Heide, Danny_Guijt en Michael_Jansen komme de trainers ta dy konklúzje. It moat noch wol in hecht team wurde, mar dan kinne de Ljouwerters fier komme, is de miening fan de coaches.