Opknapplan foar FK-ljepskâns

De fierljepskâns yn Winsum
De fierljepferiening fan Winsum hat plannen om de ljepakkomodaasje yn it doarp yn de takomst in flinke opknapbeurt te jaan. Sa soe der bygelyks in arena komme moatte dêr't de taskôgers noflik sitte kinne.
Yn Winsum wurde alle jierren ferskate wedstriden hâlden. De meast bekende is it Frysk kampioenskip dat takom wykein wer op it program stiet. Dêr komme mear as 2000 minsken op ôf. Mar ek oare ljepwedstriden lûke hieltyd mear publyk.