Bûtenskoalle noch net klear

De Kaleidoscoop, in skoalle foar bern mei gedrachsproblemen, is noch net hielendal klear. Dochs giet de skoalle oan de Kanaalwei yn Ljouwert nije wike iepen. De nije skoalle is in gearfoeging fan de professor Grewelskoalle en de Bûtenskoalle.
Doel wie dat de nijbou yn juny klear wêze soe, mar troch fandalisme en it waar, rûn dat fertraging op. Benammen oan 'e bûtenkant fan it gebou moat noch in soad gebeure, en dat slagget net allegear yn ien wike tiid.