Skea minne waar opmakke

Skea troch wynhoas (foto G. Wester)
Op in tal plakken yn Fryslân is moandei de skea opmakke nei it minne waar fan snein. Earnewâld waard troffen troch in wynhoas. Yn in smelle stripe oer it doarp waaiden tûken fan de beammen en pannen fan 't dak. Op camping Simmerwille gong in populier om op in fjild mei karavans en tinten.
De bewenners fan de Hoedemakerspolder yn Dokkum moatte it wetter út har hûs krije en de drek fan it paad feie. Snein strûpte in grut part fan de wyk ûnder en kelders streamden fol.