Kite-surfer yn stikeltried

By it Murnzer Klif is sneintemiddei in 13-jierrige kite-surfer út Lelystêd ferwûne rekke. Hy wie te ticht ûnder de wâl oan it surfen en doe't er de macht oer de kite ferlear klapte er op de wâl. Hy rekke dêrby trije stekpeallen en bedarre yn it stikeltried.
It slachtoffer is mei ferskillende snijwûnen oerbrocht nei it sikehús fan Snits.