Twa Weenings yn profronde

Andries Weening start yn de profronde
Der steane tiisdei twa Weenings oan de start fan de 27e profronde fan Surhústerfean. Neist Pieter start ek syn jongere broer Andries, dy´t dit seizoen foar de Kapenga-ploech rydt en dat hiel goed docht. Hy waard 2e yn de Ronde fan Gerkeskleaster en 3e yn de Pompeblêd Twadaagse.
En der steane noch twa broers oan de start, nammentlik Jan-Hendrik en Lieuwe_Westra. Sy hawwe in wildcard krigen. Oare bekende nammen binne René_Hooghiemster en Marcel_Beima.