Jubileum pater One Bleeker

© Omrop Fryslân
Mei in spesjale heechmis is sneon yn de tsjerke fan Blauhûs it 60-jierrich jubileum fiert fan pater One_Bleeker. De 88-jierrige Bleeker is grut wurden yn Blauhûs. Doe´t hy pryster waard is hy as sindeling ôfset nei Brazylje. Dêr hat hy him jierren ynset foar de earmen yn de binnenlannen.
Bleeker is grutsk op it wurk dat hy dêr ferset hat. It hat him in soad foldwaning jûn. Op it stuit sit Bleeker yn in kleaster yn Uden.