Stekpartij yn Ljouwert

© Omrop Fryslân
De plysje fan Ljouwert hat in 18-jierrige ynwenner oanhâlden nei in stekpartij op de Havingastate. Dêr hie de fertochte spul krigen mei in 28-jierrige Ljouwerter en him in tal kearen mei in mes stutsen. It slachtoffer is mei de ambulânse nei it MCL brocht. De fertochte koe letter op oanwizing fan tsjûgen oanhâlden wurde en meinommen wurde nei it buro.
De plysje ûndersiket de tadracht fan de stekpartij.