Tekoart bloed ek eigen skuld

It tekoart oan bloed is mei eigen skuld.
It tekoart oan bloedonoaren hat bloedbank Sanquin foar in part oan harsels te tankjen. Sanquin hat in soad reaksjes krigen op de oprop oan donoaren om faker bloed te jaan om't der in tekoart driget. Bliken docht dat der nochal wat klachten binne oer de bloedbank.
Der wurdt klantûnfreonlik wurke en der binne faak lange wachttiden by it bloedjaan. Sanquin seit te wurkjen oan ferbettering fan har service rjochting de donoaren.