Fytser slim ferwûne by Suwâld

It plak fan it ûngefal (foto 112Fryslân)
In fytser is freedtemiddei op de Monnikewei tusken Burgum en Suwâld slim ferwûne rekke by in iensidich ûngefal. De man fytste rjochting Suwâld en ried in frou foarby dy't dêr rûn. Letter seach de frou healwei Suwâld de man op 'e dyk lizzen en alarmearre de helptsjinsten.
It slachtoffer is troch de minsken fan de traumahelikopter stabilisearre en meinommen nei it sikehûs yn Grins. It is net bekend hoe't de man fallen is.