Brok lilk op steatssiktaris

Boargemaster Brok is lilk op steatssiktaris Heemskerk fan Ekonomyske Saken, omdat dy yn syn toeristysk belied foar de kommende jierren foaral ynset op it toerisme yn de Rânestêd. Fryslân en ek oare streken wurde te min neamd.
It giet wol goed mei it toerisme yn Fryslân, mar Brok fynt it beskamsum dat de steatssiktaris gjin each hat foar wat hjir allegear dien wurdt op dat mêd. Hy hopet dat de Twadde Keamer dit ek oankaarte sil.