Jehova's bouwe sels tsjerke

© Omrop Fryslân
In groep Jehova's Getuigen is sûnt maart dit jier dwaande mei de bou fan in tsjerke. Dy komt oan de Kanaalweg yn Ljouwert. Yn it gebou is plak foar 120 minsken. It kin brûkt wurde troch de trije Jehova's Getuigen-gemeenten dy't der yn Ljouwert binne. Nei alle gedachten is it begjin oktober klear.
De bou wurdt dien troch sa'n 450 frijwilligers út it hiele noarden. De ynset fan dy frijwilligers is nedich omdat sjoen har geloof Jehova's gjin subsydzjes fan de oerheid krije meie.