Sastre net nei Surhústerfean

© Omrop Fryslân
Tour de France-winner Carlos_Sastre docht definityf net mei oan de Profronde fan Surhústerfean. Dat hat er de organisaasje witte litten. Sastre hat gjin tiid omdat er ûnderweis is nei de Olympyske_Spelen.
De organisaasje hat as ferfanging fjouwer oare hurdfytsers oan de list taheakke. Gert_Steegmans, Erik_Zabel, Juan_Antonio_Flecha en Thomas_Dekker komme tiisdei 5 augustus nei it kritearium yn Surhústerfean.