Snitser kompjûterhacker oppakt

De Nationale Recherche fertinkt in 19-jierrige ynwenner fan Snits fan kompjûterkriminaliteit. De jonge hat neffens de Nationale Recherche in netwurk fan 100.000 kompjûters makke dat kreake wurde kin. Dêrtroch binne ûnder oare de bank- en creditcardgegevens fan de eigners te achterheljen.
De jonge waard tiisdei oppakt op in terras yn Snits, doe't er it netwurk foar 25.000 euro besocht te ferkeapjen oan in Brazyljaan. Ek dy waard oppakt.