Doop nij skip JR Shipping

De 170 meter lange Emotion
Ald-minister Tineke Netelenbos doopt freed yn Harns it kontainerskip Emotion. It skip is eigendom fan rederij JR Shipping. Dy hat it skip foar 33 miljoen kocht yn Dútslân. De Emotion is mei 170 meter it grutste skip fan JR Shipping. Dy hat no rom tweintich skippen.
De doop wurdt dien troch Netelenbos omdat dy foarsitter is fan de Koninklijke Vereniging van Nederlandse Rederijen.