Bank komt mei advertinsje

Legere ynkommens krije ek hypoteek
In grutte advertinsje sneon yn de Ljouwerter Krante moat it byld rjochtsette dat de Friesland Bank allinnich mar each hat foar minsken mei in heech ynkommen.
Ferline wike kaam yn it nijs dat de bank hypoteken tenei ferstrekt oan klanten mei in ynkommen boppe de 60 tûzen euro. Neffens de bank is it lykwols in misferstân. Elkenien mei in leger ynkommen is wolkom. De grins jildt allinne foar minsken fia in tuskenpersoan in hypoteek ôfslute wolle.