Kontrakt foar junior H'fean

Quenten Martinus hat in kontrakt tekene by Sportclub Heerenveen. De 17-jierrige oanfaller kaam yn de simmer fan 2005 oer fan Sportclub Cambuur. Hy spile it ôfrûne seizoen by de B-junioaren.
Martinus is ek jeugdynternasjonal. Syn kontrakt giet yn op 1 jannewaris takom jier.