Risikoprevinsje by bedriuwen

De noardlike provinsjes wolle it risiko op rampen lykas de fjoerwurkramp yn Enschede sa lyts mooglik meitsje. De provinsjes sille dêrom gearwurkje mei de miljeu-advystsjinst, as it giet om bedriuwen dy't in risiko binne foar de omjouwing.
Se ha eksperts oplaat foar it advisearen en kontrolearen fan bedriuwen dy't mei gefaarlike stoffen wurkje. Dy sille mei de bedriuwen maatregels opstelle om rampen foar te kommen.