Pealsitte yn Kollum

Yn Kollum binne woansdeitenacht om trije oere sân minsken begûn oan in poging it rekord pealsitten te ferbrekken. Doel is om oant sneontejûn tsien oere sitten te bliuwen. In part fan it jild dat de rekordpoging opbringt, is foar in goed doel.
De dielnimmers waarden nachts troch boargemaster Bilker fan Kollumerlân op de peal holpen. De peallen ha in spesjale hâlder foar in parasol, fanwege de waarmte, mar ek foar as it reint. Kessentsjes binne net tastien.