Tekoart oan bloeddoanoaren

Der is in tekoart oan bloeddonoaren yn Fryslân. Bloedbank Sanquin ropt minsken op bloed te jaan, om sa de foarried op peil te hâlden. In soad donoaren binne mei fakânsje, sadat der minder bloed jûn wurdt. Mar sikehûzen draaie wol op folle toeren, der binne mear operaasjes as oars yn de simmer.
Sanquin hat donoaren no in brief stjoerd mei de oprop om bloed te jaan. Op De Jouwer hat dat al fertuten dien. Dêr kamen woansdei 100 minsken, wylst dat der normaal sa'n 75 binne.