Earste PC-finalist bekend

© Omrop Fryslân
Johan van der Meulen wurdt dit jier yn alle gefallen gjin kening. Hy ferlear mei Herman Sprik en Taeke Triemstra dochs wol ferrassend yn de heale finale fan Jochum Bouma, Auke van der Graaf en Douwe Groenendyk.
Yn in spannende partij waard it 5-3 en 6-6. Benammen Auke van der Graaf wie goed op dreef. Hy siet foarich jier noch mei Van der Meulen en Triemstra yn it winnende partoer. Mar ek Douwe Groenendyk en Jochum Bouma makken net folle fouten.