Skorsing Brian Vandenbussche

Hearrenfean-keeper Brian Vandenbussche
Hearrenfean keeper Brian Vandenbussche is troch de KNVB foar 3 oefenwedstriden skorst, omdat hy yn de wedstryd tsjin Eindhoven in reade kaart krigen hat. De earste 2 wedstriden fan de skorsing sitte der al op. Vandenbussche die net mei tsjin Emmen en woansdei tsjin it Grykske Iraklis.
De wedstriid fan tsjin Falkirk is dan de lêste wedstriid dat Vandenbussche net yn de goal stean mei. Dy wedstriid wurdt spile yn Bûtenpost.