Ofskied PC Sibbele Lootsma

It wie Sibbele Lootsma (35) syn 12e PC
Sibbele Lootsma hat it op syn lêste PC net fierder brocht as de earste omloop. Hy ferlear mei Marten Hiemstra en Lennart Adema mei 5-3 en 6-4 fan Gerben Hein Wijtsma, Jacob Zaagemans en Peter de Boer. It wie Sibbele Lootsma (35) syn 12e PC. Hy foel noait yn 'e prizen.
It partoer Gert Anne van der Bos, Tjitte Bonnema en Folkert van der Wei hie net folle muoite mei Marten van der Leest, Pieter Jan Plat en Feiko Broersma. It waard 5-1 en 6-4.