Amelân ûndersiket keapgedrach

© Omrop Fryslân
De gemeente It Amelân lit ûndersyk dwaan nei it winkel- en keapgedrach fan konsuminten. De gemeente wol ûnder oare witte wat eilanners en toeristen fine fan it besteande winkeloanbod. Minsken krije in enkête as se oan it winkeljen binne.
De útkomsten fan it ûndersyk wurde brûkt foar it meitsjen fan nij belied. It ûndersyk wurdt dien troch in ûndersyksburo dat gearwurket mei studinten fan de Noardelike Hegeskoalle Ljouwert (NHL).